Schaars: "Met ónze manier van voetballen de play-offs halen"

01 apr 2018 - 18:31

De oerwinning fan Hearrenfean snein by Heracles wie fertsjinne, fynt oanfierder Stijn Schaars. "We willen graag met ónze manier van voetballen de play-offs halen. Dat hebben we bij vlagen goed gedaan, tegen een ploeg die ook nog ergens om speelt." Benammen mei de earste helte wie er bliid: "De keuzes aan de bal waren goed: we waren balvast, het positiespel was goed en daar hebben we ook echt kansen uit gecreëerd. We waren op alle posities wel bedrijvig."

Nei it skoft hie Hearrenfean it neffens Schaars noch wol better útspylje kinnen: "Onze eerste pass was vaak te snel, terwijl er bij Heracles nog niemand uitstapte. Dan moeten we meer geduld hebben. Maar qua voetbal en energie hebben we een goede wedstrijd gespeeld."

Skorst

Schaars is nije wike wol skorst foar de wedstriid tsjin Grins. "Kuwas was erdoor in de omschakeling", leit er út. "Zo'n jongen moet je niet laten gaan, want dan wordt het te gevaarlijk. Dus trok ik aan de noodrem, dat was bewust. Jammer dat ik dan geschorst ben, maar dat hoort erbij."

Twa standertsitewaasjes

Trainer Jurgen Streppel fûn dat syn ploech net altyd goed omgie mei de bal. "Na een minuut of twintig kregen we de overhand, maar we waren te slordig. Met twee standaardsituaties braken we de wedstrijd open, dat bleek achteraf genoeg." Dêrnei hie Hearrenfean it neffens Streppel ôfmeitsje moatten: "Dan maak je het jezelf veel gemakkelijker en had er een grote uitslag in gezeten."

Bliid is er wol mei de trije punten. "We staan nu waar we willen staan. Uiteindelijk gaat het erom dat we over een paar weken ook achtste staan, maar dit geeft de burger moed."

Werom op nivo?

Doelpuntemakker Arber Zeneli wol sels heger einigje as achtste. "Achtste is genôch, mar ik hoopje dat we noch wat klimme kinne. Mei it achtste plak bin ik net tefreden. En it is mooglik, as we dit trochsette kinne. We wolle de play-offs winne. Dat wurdt dreech, mar ik ha der betrouwen yn."

Zeneli hie in grut oandiel yn beide goals. Hy joech de assist op Thorsby foar de 0-1 en skeat dêrnei sels de strafskop deryn. Is er werom op it nivo dat er foar syn blessuere hie? "It wie net de perfekte wedstriid. Ik rekke de bal in pear kear kwyt, mar as team ha we it goed dien." En it giet wol hieltyd better, seit Zeneli: "Der binne noch wat dingen dy't ik better dwaan kin. Ik hoopje werom te kommen op it nivo fan foar myn blessuere. Mar ik fiel my goed en salang't ik it team helpe kin, bin ik bliid."

(advertinsje)