VC Snits docht wat it dwaan moat yn kampioenspûl

01 apr 2018 - 17:20

De follybalsters fan VC Snits hawwe snein dien wat se dwaan moasten: thús winne fan Eurosped. Yn de kampioenspûl waard it 3-0 foar de Snitsers, dy't oertsjûgen en op it twadde plak steane.

Yn alle trije sets pakte Snits al frij gau in komfortabele foarsprong en dy joech de ploech nea fuort. De setstannen wienen 25-16, 25-19 en 25-12.

It wie de earste 3-0-oerwinning foar Snits yn de kampioenspûl. Dêryn stiet Sliedrecht earste. Om it twadde plak giet it tusken Snits, Alterno en Regio Zwolle. Snits spilet noch twa wedstriden: oer twa wiken earst út tsjin Regio Zwolle en dêrnei thús tsjin Alterno.

Trefwurden: 
VC Snits follybal Eurosped
(advertinsje)