Trije belangrike punten foar sc Hearrenfean by Heracles

01 apr 2018 - 16:25

SC Hearrenfean hat snein yn Almelo trije belangrike punten pakt yn de striid om play-offs foar Europeesk fuotbal. De ploech fan trainer Jurgen Streppel wûn mei 1-2 by Heracles, troch twa goals flak foar it skoft.

Lytse kânskes

Nei in pear lytse kânskes oan beide kanten, wie Zeneli as earste echt ticht by in goal. Syn ôfstânsskot gie in meterke neist. Oan de oare kant skeat Monteiro krekt oer de goal fan Martin Hansen.

Twa goals foar it skoft

Hearrenfean besocht hieltyd mear de oanfal te sykjen. Dat smiet earst noch gjin grutte kânsen op, mar yn de 37e minút wie it wol samar raak. Nei't in hakje fan Ghoochannejhad fia in Heracles-spiler neist gie, skoarde Hearrenfean út de corner. Zeneli brocht de bal yn en Thorsby koppe de bal tsjin de touwen.

In pear minuten letter wie it sels al 0-2. Pröpper wurke Ghoochannejhad yn it strafskopgebiet nei de grûn en skiedsrjochter Ed Janssen wiisde nei de stip. Zeneli makke de foarsprong foar de Friezen grutter. Foar it skoft krigen beide ploegen noch in kâns: Jakubiak skeat foardel en Ghoochannejhad koppe krekt oer.

Oanslutingstreffer

Yn de twadde helte socht Heracles de oanslutingstreffer. Ynfaller Gladon skoarde, mar hy stie bûtenspul. Kuwas seach in skot keard wurden troch Hansen. En Peterson krige grutte kânsen, mar de earste skeat er heech oer en in pear minuten letter skeat er tsjin in Hearrenfeanspiler oan.

Hearrenfean hold stân oant yn de blessueretiid. Doe makke Darri it mei in moai skot noch even spannend. Yn de absolute slotfaze kamen de trije punten foar Hearrenfean net mear yn gefaar. It is de earste útoerwinning foar Hearrenfean yn acht wedstriden.

Noardlike derby

Troch de winst klimt Hearrenfean nei it achtste plak. Nije wike spylje de Feansters de noardlike derby, thús tsjin FC Grins. Oanfierder Stijn Schaars is dan skorst. Hy pakte tsjin Heracles syn fiifde giele kaart.

Heracles Almelo - Sportklup Hearrenfean 1-2 (0-2) 37. Morten Thorsby 0-1, 40. Arber Zeneli 0-2 (strafskop), 90+3. Brahim Darri 1-2

Opstelling sc Hearrenfean: Hansen; Dumfries, Høegh, Pierie (68/Bulthuis), Woudenberg; Schaars, Kobayashi, Thorsby; Ødegaard (60/Vlap), Ghoochannejhad (82/Veerman), Zeneli

(advertinsje)