Gjin stunt fan Aris yn útwedstriid tsjin Landstede

01 apr 2018 - 15:48

De basketballers fan Aris hawwe snein net stunte kinnen yn Zwolle. Landstede, de nûmer trije fan de Dutch Basketball League, wûn thús mei 88-66.

Nei it earste kwart wie it ferskil tsien punten yn it foardiel fan de ploech út Zwolle: 22-12. Foar it skoft waard it ferskil noch seis punten grutter. Aris socht de klaaikeamers op mei in efterstân fan 45-29.

Yn it tredde kwart die Aris it earst net minder as Landstede, mar yn de lêste pear minuten rûn de thúsploech dochs fierder út: 71-48. Dêrnei kaam Aris noch wol wat tichterby, mar echt spannend waard it net mear.

Rotterdam

Troch it ferlies bliuwt Aris op it sande plak stean, krekt ûnder Apollo Amsterdam. De seis bêste teams pleatse harren foar de play-offs. Tongersdei spilet Aris in útwedstriid tsjin Rotterdam, dat fiifde stiet.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(advertinsje)