Spesjaalbier wurdt al mar populêrder yn Fryslân

01 apr 2018 - 17:00

De lytste profesjonele bierbrouwerij fan Nederlân iepenet dizze wike syn doarren yn Dokkum. Oan de Diepswal yn it sintrum fan de stêd wurdt al moannen wurke oan de ferbouwing fan it âlde gebou ta brouwerij en biermuseum. Want it is net allinnich de bedoeling om der bier te meitsjen, mar ek om it ferhaal achter it brouwen yn Dokkum te fertellen.

Eartiids wiene der mar leafst 19 brouwerijen yn Dokkum, mar dy binne allegear yn de rin fan de tiid ferdwûn. In groep fan 150 bierleafhawwers hat ferline jier it Biergilde Dokkum oprjochte, mei as doel om de bierkulteur yn de stêd werom te bringen. Dat resultearre yn de plannen foar de stedsbrouwerij dy't dizze wike los giet.

Bonifatiusbier

Yn de brouwerij wurdt benammen it saneamde Bonifatiusbier broud. Dat is it âldste bier fan Dokkum, dat yn de midsiuwen troch de mûntsen yn de abdij broud waard. Mar derneist wurde noch in oantal spesjaalbieren makke oan de Diepswal. It biergilde hopet dat de brouwerij en it museum, dat der by heart, ekstra toeristen nei de stêd lûke sil.

Bier is hot

De stedsbrouwerij fan Dokkum is net de iennichste nije brouwerij dy't de ôfrûne moannen los gien is yn Fryslân. Op hieltyd mear plakken wurdt spesjaalbier makke. Ek wurde der spesjale bierkes makke foar eveneminten. Sa hat ek de Kulturele Haadstêd syn eigen bier. En bierkafee De Markies yn Ljouwert organisearret op 22 septimber foar it earst in evenemint dat hielendal om it bier draait: it Bierfestival Leeuwarden.

De Markies wie lange tiid it kafee mei de measte tapen fan hiel Fryslân, mar sûnt in pear wiken is dat bierkafee 3B yn Snits. Mar leafst 25 bieren hawwe se dêr op de taap. En nochris in flink oantal yn flesse. Neffens ûndernimmer Jan Roubos dy't it kafee opset hat, is de provinsje klear foar it ûntstean fan in echte bierkultuer. Oant no ta wie dy der neffens him noch net en moasten je derfoar yn it suden fan Nederlân wêze. Mar dat feroaret.

It kafee yn Snits wurdt rund troch Jan Sjoerd de Vries dy't al jierren in stúdzje makket fan bier. "Der is foar elkenien wol in bier op de merk. Oft je no fan kofje hâlde of fan molke." De earste wiken hat it oergryslik drok west yn it spesjaalbierkafee, neffens De Vries om't spesjaalbier "hot" is.

Trefwurden: 
spesjaalbier Dokkum biergilde
(advertinsje)