SP net mei nei Brussel

02 nov 2011 - 11:10

De steatefraksje fan de SP giet net mei op stúdzjereis nei Brussel. Dat sei fraksjefoarsitter Jos van der Horst by de steategearkomste oer de begrutting foar 2012. De reis wurdt 23 en 24 novimber organisearre troch it SNN, it Samenwerkingsverband Noord-Nederland.

De SP fynt dizze oerkeppeljende organisaasje jildfergriemerij. Troch net mei te gean nei it Europeeske Parlemint besparret de SP mear as 2000 euro, stelt Van der Horst.

(advertinsje)