Matriksboerd warskôget foar ynbrekkers yn Noardeast-Fryslân

01 apr 2018 - 13:54

De plysje yn Noardeast-Fryslân freget mei in matriksboerd oan de kant fan de N356 by Dokkum om wach te wêzen foar ynbrekkers. Op it boerd stiet de tekst 'Inbrekers blijven actief.' De lêste tiid wurdt in soad ynbrutsen yn de regio. Mooglik is in groep fan dieven aktyf. Ferline wykein waard Hallum troffen troch ynbraken en besykjen dêrta. In pear dagen lyn binne op in nacht meardere bestelbussen yn Ferwert en Hallum leechhelle.

De plysje docht ûndersyk nei de ynbraken, siket tsjûgen en jout oan te beljen as minsken wat fertochts sjogge.

(advertinsje)