Cambuur moat winne om yn it spoar te bliuwen

01 apr 2018 - 12:26

Cambuur moat peaskemoandei winne fan FC Eindhoven om yn it spoar te bliuwen fan de klups dy't spylje foar in plak yn de play-offs. It peaskewykein begûn foar de Ljouwerters wat dat oanbelanget net goed. Thús tsjin Volendam kaam Cambuur net fierder as in 2-2 lykspul. En dat betsjut dat der noch mear druk komt te stean op de wedstriid tsjin Eindhoven. Dy ploech ferraste freed mei in oerwinning op (doe noch) koprinner NEC. Ek Eindhoven hat eins allinnich belang by winst. Sy stean noch trije punten achter Cambuur.

De training fan sneintemoarn makke net dúdlik hokker spilers yn de basis stean. Trainer René Hake hussele de boel geregeld troch elkoar en wie der sneintemoarn sels ek noch net hielendal út. "We moeten even kijken naar de fitheid van iedereen. Ernstige blessures zijn er niet, maar op de tweede dag na de wedstrijd komen meestal de pijntjes."

It is mooglik dat Cambuur hiel oanfallend spylje sil, mei oan de linkerkant Houtkoop, Crowley en Kallon, al liket dat in fariant dy't pas yn de rin fan de wedstriid ûntstean kin as Cambuur echt op jacht moat nei de trije punten. Darren Rosheuvel is net ynsetber. Hy is siik. 

De wedstriid Cambuur-FC Eindhoven wurdt op peaskemoandei spile om 14.30 oere.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
(advertinsje)