Maitiid komt der lang om let oan!

01 apr 2018 - 09:11

It hat lang duorre, mar de maitiid komt der oan! Nei noch in kâlde peaskesnein wurdt it kommende wike waarmer. De temperatueren op tiisdei en woansdei rinne op oant sa'n 16 graden. Tongersdei wurdt wat frisser mei 12 graden, mar freed is der flink wat sinne en 16 of 17 graden. Sneon folget dan mei 18 of 20 graden. Neffens waarman Piet Paulusma is it dan terrassewaar.

Trefwurden: 
maitiid waar sinne
(advertinsje)