Twa wyldmigers yn Ljouwert oanhâlden

01 apr 2018 - 08:59

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein twa Ljouwerter mannen oanhâlden op de Weaze. Doe't de plysje se opskriuwe woe foar wyldmigen, begûn de 38-jierrige man de plysje te misledigjen. Syn freon fan 40 jier waard doe ek oanhâlden, foar it hinderjen fan de oanhâlding. De plysje sprekt fierder fan in rêstige útgeansnacht, ek al wie it drok mei stappers. 

Trefwurden: 
plysje Ljouwert wyldmige
(advertinsje)