Wês wach: it is 1 april

01 apr 2018 - 14:38

It is net allinne earste peaskedei dizze snein, mar ek nochris 1 april. De dei om in oar foar de gek te hâlden. Dus wês wach.

Zanger Emiel?

Sjonger Emiel Stoffers fan De Hûnekop seit tenei yn it Nederlânsk sjonge te sillen. En dus siket de band no in nije sjonger. It earste Nederlânsktalige liet fan Zanger Emiel hjit 'Laat hem nu zijn eigen gang maar gaan'. Tsja...

 

Sexy Time?

Jongerein soenen troch social media hieltyd minder seks hawwe. Dêrom komt de GGD Fryslân no mei de app Sexy Time. Dêrmei kin eltsenien syn 'aktiviteiten' diele en like. Tsja...

 

Mata Hari?

It Fries Museum melde in foto te hawwen dêr't Winston Churchill mei Mata Hari op stiet. Se soenen in persoanlike bân hân hawwe. De foto út 1906 soe fan in anonime skinker komme. Tsja...

Bûtergeil?

Tresoar krige in nije oanwinst fan in anonime samler: in kolleksje fan Frysk pornografysk materiaal mei dêrby acht jiergongen fan it tydskrift 'Bûtergeil', út 1955 oant 1962. Tsja...

Hein Kuiken?

Yn Harns wienen de ferkiezingsbuorden fan Hein Kuiken (PvdA) sa populêr dat, benammen froulike, kiezers oanjoegen dat se graach in poster ha woenen. De 15 buorden koenen snein ophelle wurde. Tsja...

Sop?

Op De Jouwer soe soprestaurant Mate'ndSoup de doarren iepenje op it plak dêr't no it bedriuw MediaSoep sit. Der kamen fuort al reservearringen foar it restaurant binnen. Spitich, mar dit wie dus ek in 1 aprilgrap, fan MediaSoep sels. Tsja...

F-16 mei sinnepaniel?

De Ljouwerter fleanbasis hat in primeur: in F-16 mei sinnepanielen. Hjoed noch oan de stekker en moarn yn de loft. Tsja...

 

Strie?

By de webshop Datona yn Haulerwyk fûnen se dat ynpakmaterialen folle miljieubewuster koenen. Tenei gjin plastic of karton mear yn de pakketsjes, mar strie. It jout wol wat rotsoai, mar it is wol biologysk ôfbrekber. Tsja...

 

Fluitsje?

De NS kaam mei it nijs dat se kursussen 'manueel fluiten' foar alle kondukteurs organisearje. Stikkene of ferlerne fluitsjes soenen fan earste peaskedei nammentlik net mear ferfongen wurde. Dan moatte kondukteurs dus op har fingers fluitsje kinne. Tsja...

Stress?

En comedian Jochem Myjer sil kolleezje jaan oan de Universiteit Leiden. Yn it fak 'Geen paniek - Stressvrij door je studententijd' helpt er studinten om har drokke bestean te relativearjen. Tsja...

Python?

De Efteling hat de Python geskikt makke foar jonge bern, poppen sels. It pretpark soe der alles oan dien hawwe, sadat de lytskes tenei ek feilich yn de achtbaan kinne. Tsja...

Soundboard?

En dan noch it soundboard fan Omrop Fryslân. Wie dat no ek in 1 aprilgrap of net? Nee, dus. In soundboard is in soarte fan paniel mei allegearre knopkes. Ast op ien fan die knopkes drukst, dan spilet der in muzykje of in audiofragmint. Yn de Omrop-app is it soundboard te finen mei allegearre Fryske útspraken, lykas dy fan kroechbaas Jolke. Tsja...

 

En dan noch in peaske-tip fan Juf Ank:

(advertinsje)