Brânlucht? Wyn blaast reek Dútsk peaskefjoer dizze kant út

01 apr 2018 - 07:31

Yn Fryslân is sneintemoarn op guon plakken, lykas yn Ljouwert, in frij sterke brânlucht te rûken. Dat komt troch peaskefjurren yn Dútslân en troch de fjurren yn it easten fan Nederlân. Ek sneontejûn wie de brânlucht al te rûken.

Troch de eastewyn komt dy reek nei Nederlân ta. Troch de mear noardlike wyn fan snein nimt de oerlêst yn de rin fan de dei ôf. 

Trefwurden: 
brânlucht Peaskefjoer
(advertinsje)