Bestjoerder fljocht út de bocht by Lekkum
Yn Lekkum hat de plysje sneontejûn in 26-jierrige bestjoerder oanhâlden nei't er by de Buorren út de bocht flein wie. It die bliken dat er dronken hie. Hy hat in boete krigen en in rydferbod fan trije oeren. De wein rekke flink beskeadige.