UPDATE: Auto oer de kop; A6 rjochting De Jouwer wer iepen

31 mrt 2018 - 20:18

Sneontejûn is op de A6 yn de rjochting fan De Jouwer, by de ôfslach nei Sint-Nyk, in auto oer de kop slein. De bestjoerder fan de auto kaam út Grins. Hy is troch ambulânsepersoniel neisjoen. It die bliken dat er twa soarten drugs yn syn bloed hie. Syn rydbewiis is ynnommen.

Troch it ûngelok rûn ferkear tusken De Lemmer en De Jouwer fertraging op. De sneldyk wie troch Rykswettersteat tydlik ôfsletten, mar is letter op de jûn wer iepen gien.

Trefwurden: 
De Jouwer A6
(advertinsje)