Noppert te sterk foar Poal en sit by lêste 32 yn Dútslân

31 mrt 2018 - 19:43

Danny Noppert hat him sneontemiddei pleatst foar de folgjende ronde op de German Darts Grand Prix, de twadde Euro Tour fan it seizoen. De 27-jierrige Noppert wie yn München yn de earste ronde mei 6-3 te sterk foar de Poal Krzysztof Ratajski. Troch de oerwinning sit de Jouster darter no by de lêste 32 fan it toernoai.

De tsjinstanner fan Noppert yn de folgjende ronde is ek al bekend. Sneintejûn nimt er it op tsjin Mensur Suljović út Servië.

(advertinsje)