Dak skuorre stoart yn; brânwacht hellet man ûnder pún wei

31 mrt 2018 - 16:43

Yn Menaam is oan de Rypsterdyk in dak fan in skuorre ynstoart. Under it dak rekke in man beknypt. De man siet fêst mei syn fuotten, mar is yntusken ûnder it pún weihelle. De man wie by kennis en is yn de ambulânse neisjoen, sa lit de brânwacht witte.

Wat de oarsaak fan it ynstoarten is, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
skuorre Rypsterdyk
(advertinsje)