Harkemase Boys ferliest fan Quick Boys troch eigen doelpunt

31 mrt 2018 - 16:29

Harkemase Boys hat sneontemiddei op sportpark De Bosk de kompetysjewedstriid tsjin kampioenskandidaat Quick Boys ferlern. De ploech fan trainer Henk Herder kaam in eigen doelpunt yn de earste helte fan Jesse Renken net te boppe. It waard 1-0 foar it team út Katwijk.

Healwei de earste helte krige Harkemase Boys in kâns fia Ezra Schrijver, mar de linksbûten skeat krekt foarlâns. In pear minuten letter tocht Berwout Beimers ek in kâns te krijen, mar doelman Jesper Hogedoorn van Quick Boys wie krekt earder by de bal.

Nei in healoere skoarden de Harkiten wol, mar oan de ferkearde kant. Renken wurke in foarset fan Kenny Anderson ûngelokkich efter ploechgenoat en keeper Erick Jansema.

Ticht by lykmakker

Tsien minuten nei it skoft wie der opnij in haadrol foar Renken. Diskear yn positive sin. De ferdigener helle in ynset fan Anderson fan de line ôf. Yn de einfaze wie Quick Boys ticht by in ferdûbeling fan de foarsprong, mar Kelvin Maynard kopte de bal op de peal. Yn de blessueretiid wie de thúsklup noch ticht by de lykmakker, mar de kopbal fan Bart de Groot waard keard troch Hogedoorn.

Moandei komt Harkemase Boys alwer yn aksje. Op twadde peaskedei spylje de Harkiten dan út tsjin Jong FC Twente.

Gearfetting

(advertinsje)