Arends skriuwt challengertoernoai yn Frankryk op syn namme

31 mrt 2018 - 15:01

Tennisser Sander Arends hat sneontemiddei tegearre mei Tristan-Samuel Weissborn it challengertoernoai yn it Frânske Saint-Brieuc wûn. Yn de finale wiene de Ljouwerter en de Eastenriker te sterk foar Joe Salisbury en Luke Bambridge út Grut-Brittannië.

Arends en Weissborn ferlearen de earste set (6-4), mar fochten harren werom yn de wedstriid. De twadde set wûnen sy mei 6-1. De beslissende tredde set gie mei 10-7 nei Arends en Weissborn.

De kommende wiken sil Arends him rjochtsje op it gravelseizoen. Dat sil er foarearst dwaan mei in nije dûbelmaat, de Kanadees Adil Shamasdin.

(advertinsje)