Drones boppe Waadsee kinne fûgels en seehûnen bot fersteure

31 mrt 2018 - 14:25

Drones boppe de Waadsee kinne fûgels en seehûnen bot fersteure. Dat meldt de Waadferiening yn reaksje op de proef mei drones dy't medisinen fan Lauwerseach nei Skiermûntseach bringe moatte. Der is noch lang net genôch bekend oer de effekten fan dy drones, seit de Waadferiening. By de proef, dy't op dit stuit oan de gong is, wurde dy effekten neffens de feriening goed yn de gaten holden.

De drones fleane bûten it sicht fan de dronebestjoerders. Dat is unyk, meldt de Waadferiening. De provinsje en it Ryk ha dêr spesjaal ûntheffingen foar ôfjûn.

(advertinsje)