Autokoereur Nyck de Vries mooglik nei Formule 1

31 mrt 2018 - 13:00

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea krijt takom jier in plakje yn de Formule 1. Alteast as er goed genôch prestearret yn de Formule 2, dêr't er no aktyf yn is. De direkteur fan McLaren hat him dat tasein yn in persoanlik petear en it stiet neffens De Vries sels swart op wyt.

Hy moat dan wol soargje dat er kampioen wurdt of yn alle gefallen flugger is as kollega Lando Norris. Ek dy makket kâns op in plak yn it McLarenteam. Dat fertelde De Vries freed yn it programma Formule 1 Café fan Ziggo Sport.

(advertinsje)