Aksjegroep: "Rjochter moat festivals Griene Stjer ferbiede"

31 mrt 2018 - 12:31
  • Theo van Gelder

De rjochter moat alle festivals yn it Griene Stjergebiet by Ljouwert ferbiede. Dat fynt in aksjegroep fan omwenners: Groene Ster Duurzaam. Neffens dy groep binne de muzykfestivals funest foar de beskerme bisten yn it gebiet. As de rjochter dêryn mei giet, kin it samar wêze dat de festivals PsyFi, Promised Land, Welcome To The Village en Conference of the Birds dit jier net trochgeane.

"Er zijn vijftien beschermde diersoorten in het gebied," fertelt Theo van Gelder fan de aksjegroep Groene Ster Duurzaam. Hy ferwachtet dat der gjin fergunning ôfjûn wurde sil. "Het gaat niet meer in de Groene Ster." Oer lûd is te diskusearjen, mar oer de natuer kinst gjin diskusje fiere. Neffens him leit de bal no by de provinsje, want dy giet oer de natuer. "Voor het publiek vind ik het verdrietig, ze moeten er een andere plek voor gaan zoeken."

De gemeente Ljouwert lit yn in reaksje witte dat de festivals rekken hâlde mei de natuer en dat de easken fan in ekologysk advysburo meinaam wurde yn de fergunningen.

(advertinsje)