Lêste dei foar Ljouwerter kafee De Ossekop

31 mrt 2018 - 11:30

It legindaryske kafee De Ossekop slút nei 106 jier de doarren. It kafee is sneon foar it lêst iepen. De kroech is populêr by âldere Liwwadders, sjoernalisten, middenstanners en amateursporters op sneontemiddei. Der wurdt gjin muzyk draaid, de kaart is hiel beheind, mei inkeld drûge woarst en gehakballen. Boppedat moat it bier altyd flink wat skom ha.

Ferline jier is de lêste útbater, Willem Annee ferstoarn. Syn frou, Lodi Annee-Eygelaar, woe der doe net mear boppe wenje, en sette it te keap. Fêste klanten ha doe in stichting oprjochte en it salang draaiende hâlden mei bartsjinsten, betsjinning en skjinmeitsjen. Op de lêste dei wurdt neat bysûnders dien. Mei de fêste klanten wurdt de farried safolle mooglik opmakke.

Glossy

By it 100-jierrich bestean, yn 2012, is in glossy oer de kroech ferskynd. Mei dêryn anekdoates oer en foto's fan de kroech en de famylje Eygelaar, dy't altyd de eigener west hat. Yn al dy hûndert jier is eins nea wat oan it ynterieur feroare. It iennige dat oanpast is, is dat der in frouljus-WC ynkaam is.

Trefwurden: 
De Ossekop Ljouwert kafee
(advertinsje)