Nij besikerssintrum by De Kruidhof yn Bûtenpost iepene

31 mrt 2018 - 12:00

It nije besikerssintrum by De Kruidhof yn Bûtenpost is sneon iepene. It moat net allinnich mear minsken nei de botanyske tún en it IJstijdenmuseum lûke, mar wol ek tagongspoarte nei de Noardlike Fryske Wâlden wêze. Besikers krije in byld fan it nasjonale lânskip en wurde útnûge om derop út te gean om it kûlisselânskip te ûntdekken mei krûden, pingoruïnes en houtwâlen. Dêrneist is ek romte foar wittenskiplik ûndersyk.

Alle jierren komme der 20.000 minsken nei De Kruidhof, mar de ambysje is dat it yn de kommende jierren flink groeit nei it dûbele ta.

(advertinsje)