Brân yn Appelskeaster wenning; bewenner oanhâlden

31 mrt 2018 - 10:12

De plysje hat sneontemoarn in 47-jierrige man oanholden by in brân yn syn wenning oan de Bruggeleane yn Appelskea. De man wurdt derfan fertocht dat er syn eigen hûs yn de brân stutsen hat. De brânwacht hat it fjoer útmakke, mar de wenning rekke swier skansearre.

De bewenner rekke net ferwûne, hy makke in betize yndruk. Hy is meinaam nei it plysjeburo. De plysje hat de saak yn ûndersyk.

Trefwurden: 
brân Appelskea
(advertinsje)