Foarpriuwke fan film Redbad te sjen op Comic Con yn Utrecht

Op Comic Con komt in part fan de cast fan de nije Nederlânske film Redbad. Regisseur Roel Reiné praat oer de film. Ek de akteurs Egbert-Jan Weeber en Lisa Smit binne der. Redbad giet oer de Fryske held Radboud (in rol fan Gijs Naber), dy't yn de iere midsiuwen mei help fan de Fikingen striid fierde tsjin kristenen dy't it leauwe mei hurde hân opleinen yn de lege lannen. Besikers kinne in foarpriuwke sjen fan de film dy't 28 juny útkomt. Oan de film ha ek goed 600 figuranten en 150 hynders meidien. Der binne ûnder oare opnamen makke by De Alde Feanen by Earnewâld.
Leafhawwers fan stripboeken, stripferfilmingen, telefyzjesearjes, sciencefiction, fantasy en games kinne dit wykein telâne op de fjirde edysje fan de Dutch Comic Con yn Utrecht. Ferline jier kamen hast 32.000 minsken op de beurs ôf.