De Hits fan Doe! Trije dagen lang op Omrop Fryslân radio

31 mrt 2018 - 09:30

It peaskewykein by Omrop Fryslân radio stiet yn it ramt fan De Hits fan Doe! Op sneon 31 maart, snein 1 april en moandei 2 april litte we muzyk hearre út de jierren 1960, 1970, 1980 en 1990.

Yn it ramt dêrfan sjogge we ek nijs út eardere tiden. Yn 1971 wie in soad fraach nei antike Fryske stuoltsjeklokken. Hoe is it no mei de belangstelling dêrfoar?

"Ditsoarte fan klokken binne noch hieltyd populêr, âlde modellen wurde restaurearre, mar ek nije klokken wurde noch altyd yn opdracht boud," fertelt Dennis Canrinus, eigener fan de Jouster Klokkenmakerij. "Yn de njoggentiger jierren kaam de klad der wat yn, mei de opkomst fan digitale klokken, mar no fernimst dat minsken it wer moai fine. It is fansels in lúkseprodukt, mar de fraach nei nijmakke âlde klokken komt wol werom." Koste in klok yn 1971 1.800 gûne, no moat dêr sa'n 2.000 oant 2.500 euro foar rekkene wurde. "We bouwe alles mei de hân, de meubelmakker makket de kast en de rest dogge wy, fan it oerewurk oant en mei de skilderingen op de wizerplaat." Neist nije klokken restaurearret er ek âlde klokken. Beide docht er like leaf. "Soms steane minsken mei de triennen yn de eagen as we de klok ophingje." 

Gouden Finylmiddei

Peaskemoandei is fan 13.00 oant 18.00 oere de Gouden Finylmiddei op Omrop Fryslân radio. Harkers binne dan fan herte wolkom mei har eigen platen (singles) út de jierren '60-'90 yn de studio fan de Omrop. Spesjale gast is Wilfred de Jong, âld-DJ fan Radio Aquarius, Radio Caroline en Mi Amigo. Hy nimt syn finyl ek mei. De Gouden Finylmiddei is ek op telefyzje te sjen.

(advertinsje)