Man yn Ljouwert troch swurd oan fingers ferwûne

31 mrt 2018 - 07:30

By in rûzje yn de buert fan it Cambuurstadion yn Ljouwert is sneontemoarn in man ferwûne rekke oan de fingers, omdat er mei in swurd rekke waard. Neffens in wurdfierder fan de plysje soe it gean om in rûzje yn de relasjonele sfear. De man dy't mei it swurd swaaide, is in Ljouwerter fan 28 jier. Dy stie foar syn eigen hûs, oan de Insulindestrjitte.

It slachtoffer, in 23-jierrige Ljouwerter, is mei de ambulânse nei it sikehûs ta brocht. De plysje hat it swurd yn beslach naam.


 

Trefwurden: 
plysje Ljouwert swurd
(advertinsje)