Kollum: "3e ljipaai fan It Hearrenfean"

31 mrt 2018 - 08:20

"Der wie dit jier wat drokte oer it earste ljipaai fan de gemeente It Hearrenfean. Der binne twa earste aaien, mar it twadde is dochs net hielendal de earste, sa sawat. Boargemaster Van der Zwan hat even poldere en klear.

No komt it nijs, ik ha it tredde aai fan de gemeente It Hearenfean sjoen. It wie snein en ik ha net yn oertrêding west. It aai kaam samar foarby. Ik sil it even útlizze. Wy wienen in ein te rinnen yn de bosken fan Oranjewâld. Dêr sitte gjin ljippen, hear ik jim tinken en dat kloppet. Mar it is dêr wol hiel moai. Myn dochter en ik ha noch even op de belvédère stien en sa koe ik moai myn berteplak oan de Marijkemuoiwei lizzen sjen. We hienen de auto by it museum mei deselde namme as de útkyktoer delsetten. Tusken It Wâld en De Knipe ha ik it aaisykjen leard. Dy stikken lân stean no fol mei beamkebrut. Doe't je ferplichte in aaisikerskaart ha moasten, bin ik ôfheakke. Ik sette noch wol stokjes by de nêsten op heit syn lân, mar dat wie it dan ek. Mar altyd sil de nijsgjirrigens bliuwe as je maitiids de earste ljip oer de wjuk slaan sjogge. Dat giet nea wer oer. Dat is echt net út te lizzen oan minsken dy't anty binne, it gefoel fan dy ljip is in oergefoel. Miskien is it wol Frysk eigen, wa sil it sizze. It giet dan om it earste ljipaai. Net om it meinimmen, mar om it finen. Nea ha ik ien oer it earste skriesaai bearen heard. De echte Kening fan de Greide is dus de ljip, net de skries. Dat is in foutsje. Sorry, Theunis.

Hawar. Wy rûnen werom nei de auto. Yn de winkelheak tusken it kanaal fan It Wâld nei De Knipe en it fytspaad leit in moai stik maislân. Ik seach in âld hij oer de wjuk gean en dat makke my bliid. Minder te sprekken wie ik oer de fjouwer swarte krieën dy't oan de râne fan it stik lân rêstich sieten te wachtsjen. Doe't der noch twa oanfleanen kamen, wie it oarloch. De ljip sloech as in gek op de rôvers en jage de twa fuort. It sijke kaam ek yn aksje en tegearre slaggen se der yn om trije fan de fjouwer oaren ek fan harren territoarium te krijen. Dat wie op himsels al in topprestaasje. Mar der bleau ien oer. Dy wachte oant alles yn ûnstjoer wie, fleach nei in bepaald plak en in tel as wat letter fleach er letterlik flak oer ús hinne. Mei yn syn snaffel it tredde ljipaai fan de gemeente It Hearrenfean. Sierlik ferdwûn er oer museum Belvédère nei in plak dêr't er syn sneinssnekje op syn gemak oppeuzelje koe. De eigeners fan it aai koenen wer opnij begjinne oan in opdracht dy't se net folbringe sille.

Der wienen mear minsken oan it kuierjen en fytsen. Nimmen hat it sjoen. Nimmen hat de ûngelikense striid sjoen fan ien ljippespan tsjin de oermacht fan seis swarte krieën. Dy striid sille dy ljippen dêr by Oranjewâld nea winne. Der binne gewoan tefolle tsjinstanners en dat begruttet my ta de teannen út.

It is al hast in unikum as je in pear greidefûgels bûten de natuergebieten sjogge. Mar we binne der net sunich op. It spyt my dat ik it sizze moat. Lju dy't sizze dat soks natuer is, soe ik even nei de Oostvaardersplassen ferwize wolle. Wy ha yn Nederlân gjin natuer. Wy moatte beheare."

(advertinsje)