Hake net bliid mei punt: "Hier schieten we niet veel mee op"

30 mrt 2018 - 23:17

SC Cambuur kaam freedtejûn tsjin FC Volendam net fierder as in lykspul. Dêr hie trainer René Hake foarôf net foar tekene. Hy wie nei ôfrin dan ek teloarsteld oer it resultaat. It wie alwer de tsiende puntedieling fan de Ljouwerters dit seizoen.

"Hier schieten we niet veel mee op", sei Hake. De trainer fan Cambuur wie ek kritysk op middenfjilder Daniel Crowley. "We kwamen mooi op voorsprong, maar dan moet je daarna niet zo naïef zijn, zoals Daniel, om weer mensen door de benen te willen spelen rondom de middellijn. Dat strafte Volendam direct af en dan sta je weer te koekeloeren."

Hake seach Crowley in pear minuten letter bettere dingen dwaan. "Gelukkig had ie daarna een opleving en maakte hij zijn fout goed. Dan ga je wel met 2-1 de rust in, wat op zich een goede stand is voor ons." Hake fûn dat syn ploech dêrnei de 3-1 meitsje moatten hie, mar dat barde net. Volendam makke in kertier foar tiid de lykmakker. "Op dat moment laten we hen te makkelijk de voorzet geven en te makkelijk de man voor ons komen. Zo'n moment wordt dan fataal en kost je twee punten."

Kopjes hangen

It wie de earste kear dat Daniel Crowley skoarde yn it Cambuurshirt. Dêr wie er bliid mei, mar oer de wedstriid wie er net tefreden. Doelpuntemakker Xander Houtkoop neamde it twa ferlerne punten. "We geven de goals te makkelijk weg. Na de 2-2 gingen de kopjes hangen. Je moet elkaar weer oppeppen. De punten zijn hard nodig, we gaan maandag weer vol de strijd aan."

Trefwurden: 
SC Cambuur René Hake fuotbal
(advertinsje)