Prijor sjit ONS Snits yn einfaze tsjin VVOG nei trije punten

Troch in let doelpunt fan Genridge Prijor hat ONS Snits freedtejûn wûn fan middenmoater VVOG út Harderwijk. De ploech fan trainer Chris de Wagt hie yn de earste helte in komfortabele foarsprong opboud, mar seach dy nei it skoft as reek ferfleanen. Uteinlik stapte de thúsklup dochs mei in oerwinning fan it fjild. Yn Snits waard it 3-2.
ONS Snits kaam healwei de earste helte op foarsprong troch in goal fan oanfaller Prijor. Amper bykaam fan dy treffer krigen de Snitsers in penalty fan skiedsrjochter Daan Schaper. Middenfjilder Michael Lanting wist hjir wol ried mei en skeat fan alve meter raak. Even letter gie ek oan de oare kant fan it fjild de bal op de stip. Pernelly Biya makke foar VVOG de oanslutingstreffer.

Wrakseling

Yn it twadde bedriuw seach ONS Snits dat VVOG wer op likense hichte kaam. Harrie Kersten makke foar de besikers de lykmakker. Beide ploegen moasten it yn de einfaze elk mei tsien man dwaan, want Ale de Boer fan ONS Snits en Jeffrey Snijders fan VVOG waarden nei in wrakseling mei read fuortstjoerd.
Dochs wûn ONS Snits, want ien minút foar tiid wie it Prijor mei syn twadde goal fan de jûn dy't de winnende goal makke. VVOG-keeper Frans Koornberg liet in frije traap fan Lanting los, wêrnei't Prijor der as de piken by wie de rebound binnen te wurkjen.
Moandei komt ONS Snits alwer yn aksje. Op twadde peaskedei spylje de Snitsers dan yn en tsjin Spijkenisse.