SC Cambuur kin foarsprong net beethâlde en spilet lyk

30 mrt 2018 - 22:03

SC Cambuur is der yn eigen hûs net yn slagge fan FC Volendam te winnen. It team fan trainer René Hake kaam freedtejûn twa kear op foarsprong, mar stapte úteinlik mar mei ien punt fan it fjild. It waard yn Ljouwert 2-2.

De earste kâns fan de wedstriid wie foar de thúsploech. Nei tsien minuten mocht Xander Houtkoop oanlizze, mar syn skot waard fan rjochting feroare. In pear minuten letter wie Houtkoop opnij tichtby, mar de latte stie in iepeningsgoal yn it paad.

Nei in healoere koene de thússupporters yn it Cambuurstadion wol jûchje. Ek foar Houtkoop jildt dat trije kear skippersrjocht is, want diskear fûn de linksbûten mei in drûge knal wol it net.

Lege skower

Lang koene de Ljouwerters hjir net fan genietsje. In minút letter sette Rodney Antwi fan Volendam de lykmakker alwer op it skoareboerd. Fiif minuten foar it skoft sette Daniel Crowley Cambuur, mei in lege skower, foar de twadde kear dizze jûn op foarsprong.

Krekt nei de tee wie Crowley ticht by syn twadde goal, mar de bal waard krekt foar de line fuorthelle. Volendam kaam yn it twadde bedriuw better yn de wedstriid en kaam in kertier foar tiid op likense hichte. Ynfaller Anthony Berensteijn kopte in foarset fan Nick Doodeman binnen.

Moandei komt Cambuur wer yn aksje. Op twadde peaskedei spylje de Ljouwerters thús tsjin FC Eindhoven.

SC Cambuur - FC Volendam 2-2 (2-1). 30. Xander Houtkoop 1-0, 31. Rodney Antwi 1-1, 39. Daniel Crowley 2-1, 75. Anthony Berensteijn 2-2. Giele kaart: Alvin Daniels (SC Cambuur).

Opstelling SC Cambuur: Cummins; Van Wermeskerken, Van der Laan, Schilder, Teijsse (46. Rosheuvel); Kip (83. Van Kippersluis), Crowley, Boerlage; Daniels (72. Kallon), Barto, Houtkoop.

(advertinsje)