Froulju SC Hearrenfean hâlde punt oer oan duel mei Ajax

30 mrt 2018 - 21:27

De froulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe freedtejûn in punt oerhâlden oan it duel mei Ajax. Op Sportpark Skoatterwâld bleau it úteinlik by 2-2 lyk. Al yn de njoggende minút foel it earste doelpunt. Van den Bighelaar sette de Amsterdammers op in 0-1 foarsprong.

Likense hichte

Krekt foar it skoft kamen de Feanfroulju op likense hichte; Fenna Kalma skeat de 1-1 binnen. Yn de twadde helte kaam Sportklup Hearrenfean betiid op foarsprong. Tiny Hoekstra makke yn de 52ste minút de 2-1.

In kertier foar tiid skoarde Linda Bakker foar Ajax de lykmakker: 2-2. Yn dy tuskenstân kaam gjin feroaring mear, hoewol't Ajax yn de slotfaze noch wol in soad kânsen krige.

(advertinsje)