Ald-koereur oer skorsing De Jong: "In klap foar de sport"

30 mrt 2018 - 20:41

Ald-gersbaanracer Dirk Fabriek tinkt dat de skorsing fan Jannick de Jong gefolgen hawwe kin foar de hiele gersbaansport. De âld-Jobbegeaster neamt de fjouwerjierrige útsluting fan de mearfâldich Europeesk en Nederlânsk kampioen "in klap foar de sport."

Yn De Jongs bloed is amfetamine oantroffen. "Wannear't je witte dat je soks yn je bloed hawwe, is it net ferstannich om dan riden te gean", seit Fabriek. Nei oanlieding fan de positive test hat De Jong yn novimber ferline jier de skorsing oplein krigen, mar dy útspraak wie, oant no ta, nea offisjeel nei bûten kaam.

Fabriek seach ek alfêst foarút. "Ik tink dat er úteinlik wol graach wer op de motor stappe wol."

(advertinsje)