Eask: oardel jier sel foar ferkrêfting 15-jierrich famke

30 mrt 2018 - 20:02

Tsjin in 25-jierrige Oentsjerker is freedtemiddei oardel jier sel easke, foar it ferkrêftsjen fan in 15-jierrige famke. Dat barde foarich jier desimber, yn de buert fan in hoarekasaak yn Hurdegaryp. De twa hienen seks mei-inoar, mar it famke soe ferskate kearen oanjûn ha dat net te wollen.

Fermindere tarekkenber

De advokaat fan de fertochte stelde dat beide belutsenen itselde meimakke ha, mar it oars belibbe ha. It famke hie in soad dronken; de fertochte is neffens in psycholooch fermindere tarekkenber. De Oentsjerker soe dêrom neffens syn advokaat feroardiele wurde moatte fan it hawwen fan mienskip mei in minderjierrige, en net foar in swierdere ferkrêfting.

Fiiftûzen euro smertejild

De offisier fan justysje gie hjir net yn mei en easke oardel jier sel, plus ien jier ûnder betingst. It famke easket dêrnjonken fiiftûzen euro smertejild, en sânhûndert euro fergoeding foar de makke kosten.

De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)