Goedfreed: Drachten rint krúswei en The Passion yn Ljouwert

30 mrt 2018 - 19:05

Ut ûndersyk docht bliken dat sa'n 70 persint fan de minsken wit dat op Goedfreed de krúsdea fan Kristus betocht wurdt. Mooglik dat soks net allinnich troch it bibelferhaal sels komt, mar ek troch moderne fariaasjes dêrop, lykas The Passion. Wy seagen yn Drachten en Ljouwert hoe't dêr Goedfreed belibbe waard.

Krúswei

Yn Drachten fierde de pleatslike roomsk-katolike parochy, mei pastor Neeltsje Bouma, foar it earst Goedfreed mei it rinnen fan in krúswei. Drachten hat in moderne tsjerke en, yn tsjinstelling ta in soad roomske tsjerken, gjin fêste staasjes.

Staasjes foarmje in soarte fan stripferhaal wêryn't it lijen fan Kristus ferbylde wurdt. Freed waarden fjirtjin keunstwurken pleatst yn de tsjerke. Dy wurken binne makke troch keunstners, bern en jongeren en fertelle it ferhaal fan Goedfreed.

The Passion

Ferline jier waard The Passion noch yn Ljouwert holden, mei sjonger Dwight Dissels as Kristus. Dit jier op Goedfreed wie Dissels wer yn de haadstêd en song er opnij nûmers fan doe.

Dat barde yn tsjinsten mei in soad muzyk en teäter yn De Salvator, in evangelysk protestantske gemeente yn Ljouwert. Der wiene trije tsjinsten dêr't mei-inoar mear as 1.200 minsken op ôfkamen.

(advertinsje)