Boargemaster Van der Zwan wol in iepen koälysje-akkoart

30 mrt 2018 - 18:17

De gemeenteriedsferkiezingen fan 21 maart moatte net in 'tichttimmere koälysje-akkoart' as resultaat krije. Dat fynt boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean. Yn in berjocht oan de nije gemeenteried jout Van der Zwan oan dat de kiezer hieltyd minder belutsen is by de polityk.

Van der Zwan pleitet dêrom foar in iepen koälysje-akkoart, wêrby't in oantal wichtige tema's fêststeld wurde, wêr't mei de mienskip oer sprutsen wurde kin.

Tema's

Oer in tema as wenjen kin neffens Van der Zwan goed yn petear gien wurde mei wenningkorporaasjes en pleatslike belangen. Wannear't it oer wurkgelegenheid giet kin mei it beropsûnderwiis, ûndernimmers en Caparis sprutsen wurde. "Deze samenlevingsgerichte thema's zouden dan de basis kunnen zijn voor een raadsakkoord op hoofdlijnen of een samenlevingsakkoord."

Riedsleden posityf

In soad gemeenteriedsleden binne goed te sprekken oer it foarstel van Van der Zwan. Troch ferskillende riedsleden wurdt bygelyks sein: "Het contact met de samenleving kan zeker beter, want de helft stemt niet", "Prima dat hy meitinkt en in foarset jout, mar wy hoege it net te dwaan" en "Betrokkenheid is van groot belang om het vertrouwen in de politiek te herstellen."

(advertinsje)