FIDEO: Sa sjocht in dei fan SC Cambuur-trainer Hake derút

Hast twa moannen is René Hake no trainer fan SC Cambuur. Hy en de klup steane oan it begjin fan in wichtige perioade. Yn de kommende wedstriden moat troch de Ljouwerters dielname oan de play-offs feilichsteld wurde. Reden genôch om in dei mei de 46-jierrige Drint mei te rinnen.
Hoe sjocht er werom op syn begjinperioade yn Ljouwert en wat tinkt er fan de rest fan it seizoen? Dêrneist giet er ek noch op oare saken yn. Hoe riedt er him, mei de oare leden fan de technyske stêf, ta op in wedstriiddei? Wat fynt er fan de gearwurking mei syn assistinten Sipke Hulshoff en Jan Bruin? En hat Hake al yn de Ljouwerter binnenstêd west?