Britsumer moat sel yn foar gewelddiedige oerfal op âlde frou

30 mrt 2018 - 16:42

In man út Britsum hat fiif jier sel krigen foar in gewelddiedige oerfal op in âlde frou yn Hjerbeam. De man oerfoel de frou mei in maat fan him. Se brûkten in soad geweld en tapeten it slachtoffer fêst mei ducttape. De frou hat noch altiten lêst fan de gefolgen.

De Britsumer is feroardiele op grûn fan DNA-spoaren op de tape. Sels ûntkent er dat er wat mei de oerfal te krijen hat. Neffens him is it âlde tape en wolle oaren him deryn lúzje. De rjochter leaut dêr neat fan. Njonken dat de man fiif jier sel krigen hat, moat er syn slachtoffer 12.000 euro skeafergoeding betelje. De oare dieder is noch altiten net fûn.

Trefwurden: 
oerfal selstraf Britsum
(advertinsje)