KNVB helpt VV Hearrenfean by ûntwikkeling frouljusfuotbal

30 mrt 2018 - 16:24

VV Hearrenfean is troch de KNVB selektearre foar in programma fan it bûn frouljusfuotbal binnen de feriening te ûntwikkeljen. De KNVB hie klups frege om harren dêrfoar oan te melden. Nei in seleksjeproseduere is de sneinshaadklasser fan It Hearrenfean mei noch 29 oere klups útkeazen.

De klup giet de kommende jierren oan de slach om it frouljusfuotbal binnen de feriening in steviger plak te jaan. Eksperts, prosesbegelieders en meiwurkers fan de KNVB helpe dêrby. It is ek de bedoeling dat oare klups stimulearre wurde mear wurk te meitsjen fan frouljusfuotbal.

(advertinsje)