Underhâld oan feardaam Skiermûntseach set útein

30 mrt 2018 - 15:43

Rykswettersteat begjint tiisdei mei ûnderhâldswurk oan de feardaam op Skiermûntseach. Skea oan it beton wurdt oanpakt en der komt in rinstrook foar minsken, dy't net of net goed sjen kinne. Boppedat komt der in lege reling op it westlik part fan de feardaam. Mids juny wurde it ponton en de rinbrêge ferfongen.

Fanwegen it wurk wurdt in part fan de feardaam ôfset en is der mar ien rydstrook beskikber. Ein juny moat alles klear wêze.

(advertinsje)