Frijwilligers kinne harren fergees op maat byspikerje litte

In EHBO-koffer © ANP
Minsken út Fryslân dy't frijwilligerswurk dogge kinne by de Vrijwilligers Academie Fryslân fergees in training of workshop folgje. De provinsje hat dêr vouchers foar beskikber steld. Frijwilligers kinne in training of workshop dwaan dy't oanslút by it wurk dat se dogge. Bygelyks in EHBO-training.
De regeling bestiet no in healjier. Goed 450 minsken hawwe hjir al gebrûk fan makke, mar der leit noch genôch jild op de planke foar nochris 350 minsken.
Op de webside fan Vrijwilligers Academie Fryslân is mear ynformaasje te finen oer hokker trainingen of workshops by de akademy te folgjen binne.