Selstraf easke tsjin asylsiker fanwege húslik geweld

30 mrt 2018 - 14:58

Tsjin in 44-jierrige Iraakske asylsiker út Burgum is fjouwer moanne sel easke, omdat er syn frou en bern mishannele ha soe. De famylje wennet 2,5 jier yn Nederlân. De frou hat ein ferline jier oanjefte dien tsjin har man. Dy soe har al sûnt it begjin fan harren houlik mishannelje en letter de bern ek.

De man ûntkent. Neffens him giet it om in komplot en ha oaren syn frou tsjin him opset. Justysje leaut dêr neat fan en seit dat der genôch bewiis is. Njonken de selstraf easket justysje ek in kontaktferbod. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)