Tennisser Arends stiet yn finale challengertoernoai

30 mrt 2018 - 14:17

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat by it challengertoernoai yn it Frânske St. Brieuc de finale helle. Tegearre mei syn Eastenrykse maat, Tristan-Samuel Weissborn, wûn hy mei 6-4 en 6-3 fan de bruorren Ratiwatana út Tailân.

Arends en Weissborn spilen in prima partij. Se krigen yn twa sets yn totaal mar ien brekpunt tsjin. Sels pakten se trije kear in break op de opslach fan de tsjinstanner. Sneon stiet de finale op it programma. De tsjinstanner is noch net bekend.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(advertinsje)