Jacobi leit njonkenfunksjes del om beneaming Waadferiening

30 mrt 2018 - 14:13

Lutz Jacobi kin har njonkenfunksjes by natuerorganisaasjes net kombinearje mei har nije baan as direkteur fan de Waadferiening. Dit om belangeferfrisseling foar te kommen. It âld-Twadde Keamerlid hat dan ek besletten har njonkenfunksjes as foarsitter fan it oerlisorgaan fan Nasjonaal Park Skiermûntseach en as bestjoerslid fan it BFVW del te lizzen.

Jacobi wie sûnt foarich jier foarsitter fan it oerlisorgaan fan Nasjonaal Park Skiermûntseach. Dy moat dus op syk nei in nije foarsitter. Se begjint op 1 maaie by de Waadferiening. Se bliuwt wol fraksjefoarsitter fan de Ljouwerter fraksje fan de PvdA.

Trefwurden: 
Lutz Jacobi Waadferiening
(advertinsje)