OoststellingwerfsBelang wol twa wethâlders

30 mrt 2018 - 14:07

OoststellingwerfsBelang wol yn in nij kolleezje twa wethâlders. Neffens de partij docht dat rjocht oan de útslach fan de gemeenteriedsferkiezingen. De grutste fraksje hat no sân sitten, fjouwer mear as de PvdA, de VVD en it CDA. OoststellingwerfsBelang nimt de lieding by de ûnderhannelingen foar in nij kolleezje.

Der komme earst petearen mei alle partijen ûnder lieding fan in eksterne ynformateur. Dat is Lute Pen fan Dronryp. Pen wie ûnder oare 17 jier wethâlder yn de eardere gemeente Menameradiel. OoststellingwerfsBelang wol dat der yn maaie in nij kolleezje is.

(advertinsje)