Taletún en Talepaviljoen iepene yn Ljouwert

30 mrt 2018 - 13:56

Yn Ljouwert binne freedtemiddei de Taletún en it Talepaviljoen iepene. Beide binne ûnderdiel fan ien fan de meast promininte projekten fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd: Lân fan taal. Lân fan taal fiert de taal. De Taletún is in audio-avontoer yn de Prinsetún. Yn it Talepaviljoen MeM kinne je kofje drinke en wurdt in berop dien op de sintugen om oan in drankje te kommen. Beide binne bedoeld om minsken te ferrassen mei taal yn alderhanne ferskiningsfoarmen.

De Omrop by Lân fan taal

Omrop Fryslân is dit jier mei meardere projekten oanwêzich yn de Taletún fan Lân fan taal. Yn Paviljoen Liwadders fan it HCL binne de Omrop-filmkes mei Friezen om utens te sjen en DNA-filmkes mei bern út it skoaltelefyzjeprogramma Tsjek. Paviljoen MeM fan de Afûk is alle sneonen de lokaasje foar de live-útstjoering fan it programma Op & Ut. En op fyftjin sneonen is de Omrop ek oanwêzich yn de Taletún mei de SkoalScrabbleBattle fan Tsjek.

(advertinsje)