"Fan it gas ôf? Freeslik, wy ha krekt in nije kachel kocht!

De meidieling dat de winning fan ierdgas yn Grinslân definityf stopset wurdt, kaam fan 'e wike dochs noch ûnferwachte. Op de Ljouwerter freedsmerk wiene de reaksjes wikseljend op dat beslút: "Moai, heech tiid der der ris trochpakt wurdt", oant: "Freeslik, wy ha krekt in nije kachel kocht! Hoe moat dat no?"
In soad minsken makken har soargen oer de kosten fan dy operaasje. "Wa betellet dat allegear? As der gjin subsydzje foar komt, docht nimmen dat. Mar ja, as der gjin gas mear is..." In echtpear fertelde dat se koartlyn in nije gastsjettel kocht hiene: "Moat dy daliks mar wer op de âldizerbult? En dy ynstallateurs dan, dy gean op 'e flesse!" In frou út Grinslân, fan wa't it hûs ek boukundich fersterke is om't se yn it gebiet wennet, wie foarsichtich: "Eerst zien, dan geloven..."