Gersbaanracer Jannick de Jong 4 jier skorst fanwegen doping

Mearfâldich Europeesk en Nederlânsk kampioen en wrâldkampioen op de langbaan yn it gersbaanracen, Jannick de Jong (30) fan De Gordyk, hat yn novimber ferline jier in skorsing fan fjouwer jier oan syn broek krigen om't der by in dopingkontrôle amfetamine yn syn bloed fûn is. Dat docht bliken út in útspraak fan de tuchtkommisje fan it Instituut Sport Rechtspraak, dy't Omrop Fryslân yn hannen hat. De útspraak is oant no ta nea offisjeel nei bûten kaam. De Jong is yn berop gien tsjin de skorsing. Hy wachtet no op de útspraak dêrfan.
Eardere kannabis-skorsing
Op 30 april hat De Jong meidien oan it Iepen Nederlânsk Kampioenskip yn Eenrum. By in dopingkontrôle waard amfetamine oantroffen yn syn bloed. En dat is in ferbean middel. De saak is foarkaam by de tuchtkommisje fan it Instituut Sport Rechtspraak. Dy hat him de skorsing fan fjouwer jier oplein: twa jier foar dizze oertrêding en twa jier om't der earder ek alris kannabis yn syn bloed fûn is.
Fersin
De Jong soe de amfetamine net brûkt ha om better te prestearjen, mar soe de drugs op Keningsdei by fersin binnen krigen ha. De tuchtkommisje fynt dat De Jong der better om tinke moatten hie.
Heger berop
De Jong is no yn ôfwachting fan in heger berop. Hy is striidber. Mocht hy gjin gelyk krije by de tuchtkommisje, dan sit hy syn skorsing út, mar komt hy dêrnei wer werom op de motor.