Nije pomp makket lân by Reduzum geskikt foar greidefûgels

Greidefûgels tusken Reduzum en Idaerd kinne tenei hearlik frette yn in nij, wiet stik lân dat der mei help fan de lokale tsjerke kaam is. De fûgelwacht en de tsjerke wurkje hjirfoar gear mei boer Jehannnes de Groot. De herfoarme tsjerke Reduzum, Idaerd, Friens hat de helte betelle fan in nije, ferrydbere yrrigaasjepomp fan de lokale fûgelwacht. Dy hie sels net genôch jild om dat foarinoar te krijen en de tsjerke hat in fûns wêrút lokale inisjativen stipe wurde.
Sy wolle hjirmei ek boeren dy't lân fan harren pachtsje ynspirearje om mear te dwaan foar greidefûgels. Al is it altiten oan de boer sels om dêr wat mei te dwaan.