It Omrop Fryslân soundboard! Wat is dat no eins?

Op 1 april komme je faak in soad nuvere saakjes tsjin online. No is dat 9 fan 'e 10 kear in grap, mar dat is it Omrop Fryslân soundboard net. It klinkt allegearre wol hiel high-tech, mar wat is dat no eins, in soundboard...?
In soundboard, lis út:
Sjoch it as in grut paniel mei allegearre knopkes. Ast op ien fan die knopkes drukst, dan spilet der in muzykje of in audiofragmint. In soundboard wurdt bygelyks brûkt foar op 'e radio, sadatst fluch audiofragmintsjes ynstarte kinst. Tsjintwurdich wurdt it ek wol yn kombinaasje mei fideo brûkt troch minsken dy't games live spylje. No hawwe wy yn ús app ek in soundboard setten mei allegearre betochte Fryske útspraken.
Watfoar soarte útspraken dan en wêrom krekt dy?
Wy sjogge yn ús statistiken wat minsken it aldermoaist fine, wat der libbet ûnder de minsken. Jolke bygelyks wurdt enoarm wurdearre online. Syn útspraken binne yntusken legindarysk. Mei dat yn 'e efterholle pakke wy dan de krinten út de brij en sette wy dy just yn it soundboard. Sa krije je in kombinaasje fan wat libbet ûnder de minsken, mei noch wat eigen favoriten dertusken.
Dat klinkt wol aardich, mar wat haw ik deroan?
It doel fan it soundboard is ferdivedaasje. Dy karakteristike útspraken kinst dan altyd samar út it neat op tafel smite. No hast ien plak dêr't dat allegearre gearkomt. Dus ast no mei molke grutbrocht bist, mar dat oare spul is wol hiel lekker, dan kinst dat samar efkes oan sette.
Moai, mar hoe brûk ik it?
Hoe en wat no fierder?
Jaaaahaaaaaa, dat wolsto wol witte, hee? No, it is sa dat it soundboard hieltyd update wurdt. Binne der oare dingen dy't hiel populêr binne, dan passe wy it efkes oan en komt dat dêr ek yn. Op dizze manier bliuwt it soundboard nijsgjirrich foar elkenien.
It Omrop Fryslân soundboard is te finen yn 'e Omrop Fryslân app!